De FNP Frjentsjerteradiel fynt dat Noardwest-Fryslân genôch mooglikheden hat op it mêd fan lân- en túnbou, rekreaasje en toerisme en net te ferjitten de soarch, om de takomst mei betrouwen temjitte te sjen. Doarpsfisyfûns op peil hâlde
De measte doarpen yn ús gemeente ha harren doarpsfisy klear. De gemeente helpt mei jild en mei begelieding om de plannen út te fieren. It earste miljoen is aanst be
stege. De FNP wol it fûns op peil hâlde. Datselde jildt ek foar it fûns Plattelânsprojekten.
2. Frjentsjer as kultureel- en toeristysk sintrum
Frjentsjer(teradiel) is ryk oan kultuer en kultuerfoarsjennings. De FNP wol mei in yntegrale wurkwize hjir in ekonomyske pylder fan meitsje. Mei de histoaryske binnenstêd, it Planetarium, it Museum Martena, de Koornbeurs, de Martinitsjerke, de PC en it keatsmuseum ha wy toeristysk goud yn hannen. Ynvestearje yn stedspromoasje sil op alle gebiet fertuten dwaan.
3. In antwurd op krimp en fergrizing
Alle sifers wize it út. Noardwest Fryslân giet yn ynwennertal tebek en it tal "grize koppen" nimt yn heech tempo ta. De fraach sil wêze: hoe hâlde wy op it plattelân ús foarsjennings (skoallen, doarpshuzen, sportfjilden ensfh.) op nivo en hoe foarkomme wy dat ús doarpen leechrinne. De FNP stekt de kop net yn it sân, mar wol alle mooglikheden ûndersykje. De problematyk op ekonomysk, sosjaal en kultureel gebiet moat goed yn kaart brocht wurde. Soks giet fierder as allinne ús eigen gemeente; wy ha dêrom ek mei de regio te krijen. Draait it út op gemeentlike weryndieling? Dat soe kinne - mar allinne as ús boargers der better fan wurde en der ek mei ynstimme. Foar de FNP binne gemeentegrinzen dan ek net hillich, mar wy wolle yn alle gefallen in gemeente dy't te oersjen is en dêr't it gemeentebestjoer noch in gesicht hat. Koart kriemd: De FNP stiet foar in fitaal plattelân mei in goede ynfrastruktuer.