31/08/2026
𝑁𝑒𝑑𝑒𝑟𝑙𝑎𝑛𝑑𝑠𝑒 𝑣𝑒𝑟𝑡𝑎𝑙𝑖𝑛𝑔 𝑠𝑡𝑎𝑎𝑡 𝑜𝑛𝑑𝑒𝑟 ℎ𝑒𝑡 𝐹𝑟𝑖𝑒𝑠𝑒 𝑏𝑒𝑟𝑖𝑐ℎ𝑡
🚩🏁| Boargemaster Jannewietske de Vries hat witte litten dat sy nei de simmer fan 2027 har amt delleit. Sy hat dan njoggen jier boargemaster fan Súdwest-Fryslân west. Nei 42 jier wurkjen foar de oerheid, wol se yn 2027 de finishflagge plantsje. De finish fan in prachtige maraton, sa’t sy har karriêre sjocht.
In bysûnder momint, mar ek in dreech beslút: boargemaster wêze fan Súdwest-Fryslân neamt sy in geweldige baan. Wat har dêryn altyd in soad enerzjy jout, is it kontakt mei ynwenners: by moetings yn doarpen en stêden, op feestlike mominten én op mominten dy’t dreech of yngripend binne.
Oant it momint fan oerdracht bliuwt sy mei f***e enerzjy wurkjen foar ús gemeente. “Earst folget, lykas by eltse marathon, in sterke einsprint. Dat doch ik yn gearwurking mei de gemeenteried, it kolleezje, de meiwurkers en alle ynwenners.”
𝑁𝑒𝑑𝑒𝑟𝑙𝑎𝑛𝑑𝑠𝑒 𝑣𝑒𝑟𝑡𝑎𝑙𝑖𝑛𝑔
🚩🏁| Burgemeester Jannewietske de Vries heeft laten weten dat zij na de zomer van 2027 haar ambt neerlegt. Ze is dan negen jaar burgemeester van Súdwest-Fryslân geweest. Na 42 jaar werken voor de overheid, wil ze in 2027 de finishvlag planten. De finish van een prachtige marathon, zoals ze haar loopbaan ziet.
Een bijzonder moment, maar ook een moeilijk besluit: burgemeester zijn van Súdwest-Fryslân noemt ze een geweldige baan. Wat haar daarin steeds veel energie geeft, is het contact met inwoners: bij ontmoetingen in dorpen en steden, op feestelijke momenten én op momenten die moeilijk of ingrijpend zijn.
Tot het moment van overdracht blijft ze met volle energie werken voor onze gemeente. “Eerst volgt, zoals bij elke marathon, een sterke eindsprint. Dat doe ik samen met de raad, het college, de medewerkers en alle inwoners.”
📩 Lees hier de brief van de burgemeester aan alle inwoners van Súdwest-Fryslân: https://swf.frl/burgemeester-jannewietske-de-vries-stopt