Stop lyts Wenjen Dantumadiel

Stop lyts Wenjen Dantumadiel Geen Tiny Houses of woonwagenkamp in de gemeente Dantumadiel

14/05/2025

๐…๐ซ๐ฒ๐ฌ๐ค๐ž ๐๐š๐ฌ๐ฃ๐จ๐ง๐š๐ฅ๐ž ๐๐š๐ซ๐ญ๐ข๐ฃ ๐Ÿ๐ž๐ซ๐ง๐ฎ๐ฏ๐ž๐ซ๐ž ๐จ๐ž๐ซ ๐๐ž ๐ฉ๐ฅ๐š๐ง๐ง๐ž๐ง ๐Ÿ๐จ๐š๐ซ ๐“๐ข๐ง๐ฒ ๐‡๐จ๐ฎ๐ฌ๐ž๐ฌ ๐จ๐ฉ ๐ƒ๐ž ๐–๐ž๐ฌ๐ญ๐ž๐ซ๐ž๐ž๐ง

As FNP binne wy in partij dyโ€™t polityk fan รปnderen op neistribbet. Wy leauwe yn in bestjoersstyl wรชrby't de stim fan de lokale mienskip sintraal stiet. It is foar รบs wichtich dat bewenners by wichtige besluten belutsen wurde en dat harren soargen en winsken serieus naam wurde.

Spitigernรดch sjogge wy yn it proses rรปnom de plannen foar Tiny Houses yn De Westereen in oare wurkwize. De wethรขlder dy't koartlyn fuortgien is, hat dizze plannen fan boppenรดf trochdrukt, sรปnder de breed droegen ynbring fan de bewenners en oare belanghawwenden. Dat strykt net mei รบs fisy op hoe't politike beslรบtfoarming ferrinne moat.

Wy wolle mei klam sizze dat wy net tsjin Tiny Houses as konsept binne. Krekt oarsom, Tiny Houses kinne in weardef***e bydrage leverje oan it wenningoanbod. Se biede kรขnsen op betelber, duorsum en ynnovatyf wenjen, eat dรชr't ek รบs partij him sterk foar makket. Dochs betsjut dat net dat elke lokaasje automatysk geskikt is foar sokke รปntwikkelingen.

Foar de lokaasje yn De Westereen binne wy fan betinken dat dit net it goede plak is foar Tiny Houses. De soargen fan de buertbewenners โ€“ dyโ€™t har fia ferskate kanalen, wรชrรปnder in Facebook-groep, organisearre hawwe โ€“ fertsjinje รบs f***e oandacht. Hja jouwe oan dat dy plannen gefolgen hawwe kinne foar de leefberens, de sosjale gearhing en it karakter fan harren wenomjouwing.

Dรชrom roppe wy op ta in stap werom: gjin oerhaaste beslissingen, mar in nij, iepen petear mei alle belutsenen. Tegearre mei de bewenners, inisjatyfnimmers en de gemeente wolle wy sykje nei passende oplossingen dy't rjocht dogge oan minske รฉn omjouwing.

De FNP sil him ynsetten bliuwe foar transparante beslรบtfoarming en in polityk fan tegearre bouwe. Allinnich troch รฉcht te harkjen nei de ynwenners kinne wy duorsume en gedragen karren meitsje.

Wy folgje de รปntjouwingen op'e foet en steane klear om de stim fan'e bewenners fertsjintwurdigjen te bliuwen.

" ๐Œ๐Ž๐†๐„๐‹๐ˆ๐‰๐Š๐„ ๐’๐‚๐„๐๐€๐‘๐ˆ๐Ž'๐’ "Dit videofragment geeft weer hoe omwonenden overlast ervaren van een Tiny House plan.
10/05/2025

" ๐Œ๐Ž๐†๐„๐‹๐ˆ๐‰๐Š๐„ ๐’๐‚๐„๐๐€๐‘๐ˆ๐Ž'๐’ "

Dit videofragment geeft weer hoe omwonenden overlast ervaren van een Tiny House plan.

Vier onlangs geplaatste kleine woningen - 'tiny houses' - aan de Rijksstraatweg in Heemskerk hebben een grote rel veroorzaakt tussen twee bewoners en de gemeente.

09/05/2025

" ๐Ž๐Œ๐–๐Ž๐๐„๐๐ƒ๐„๐ ๐Š๐„๐ˆ๐Œ๐๐„ ๐’๐ˆ๐Š๐Š๐„๐Œ๐€๐–๐„๐ˆ ๐‹๐€๐“๐„๐ ๐•๐€๐ ๐™๐ˆ๐‚๐‡ ๐‡๐Ž๐‘๐„๐ "

Bewoners hebben afgelopen avond door middel van dit spandoek kenbaar willen maken hoe zij over het plan Lyts Wenjen Dantumadiel denken.

De gemeente Dantumadiel is van plan om via een BOPA-procedure tenminste 25 tiny houses te plaatsen.

Adres

Keimpe Sikkemawei
Zwaagwesteinde
9271

Website

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Stop lyts Wenjen Dantumadiel nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Snelkoppelingen

Delen