FNP Opsterlân

FNP Opsterlân Contactgegevens, kaart en routebeschrijving, contactformulier, openingstijden, diensten, beoordelingen, foto's, video's en aankondigingen van FNP Opsterlân, Politieke partij, Hoofdstraat, Beetsterzwaag.

In partij dy't harren ynset foar de romte, romte foar de takomst, romte foar de natuer, romte om te wenjen en te libjen yn de mienskippen en doarpen wêr wy ús thús fiele.

Weromsjen: fan ferkiezingen oant it akkoart. It hat even stil west op de sosjale media: De nije FNP-fraksje hat it der m...
26/06/2026

Weromsjen: fan ferkiezingen oant it akkoart.

It hat even stil west op de sosjale media: De nije FNP-fraksje hat it der mar drok mei hân. Sûnt de ferkiezings hawwe wy net stilsitten. Fraksjefoarsitter Harm de Jong, riedslid Hans Hofstee en de nije riedsleden Johnny Voskuilen en Sikke Visser, lykas bestjoerder Joeri Arndt hawwe de ôfrûne tiid harren dwaan hâlden mei it gearstallen fan in koälysje-akkoart yn gearwurking mei Opsterlânsk Belang. Ofrûne tiisdei wie it dan safier. Yn in bysûndere gearkomste is dit akkoart besprutsen. It hat de titel meikrigen: 'In Klear Lûd'.

It akkoart is foar ús basearre op realistyske ferwachtingen, is der foar de Opsterlanners en biedt in soad perspektyf foar bygelyks wenjen, natuer en it Frysk. In akkoart wêr't wy gjin tiid stekke yn de Lelyline mar sjogge nije realistyske oplossings. In akkoart wêr't wy de ynrjochting fan de iepen romte net samar opofferje oan in enerzjytransysje, mar ek hjir wer sykje nei alternativen. Doarpen krije noch mear omtinken as earder, lûd fan ûnder op krijt romte en middels. Doarpenfûnsen wurde ferhege en ferkear, feiligens en skoallen krije noch mear omtinken. It Frysk, as ferbinende faktor, krijt ek mear romte en stipe fan de koälysje. It mei dúdlik wêze, wy binne optein oer de nije gearwurking mei Opsterlands Belang.

Tiisdei en ek tongersdei namen wy ôfskied fan it kolleezje. Foar ús yn it bysûnder ek fan de earste FNP-wethâlder fan Opsterlân: Durk Durksz. Mei al syn ûnderfining, syn persoanlikheid, syn belutsenens hat der ús de lêste fjouwer jier foarút holpen en spile der in wichtich part yn de groei fan ús partij. Wy winskje Durk fansels in prachtich pensjoen, ek al hawwe wy twivels of soks wol yn syn wurdboek stiet.

Mei it ôfskied fan Durk is der ek in grut wolkom foar ús nije wethâlder: Bert Koonstra. In wâldman út Sweagerbosk, mei ek al in grutte politike ûnderfining yn Noardeast-Fryslân. Tiisde kaam syn âlde ôfdieling him persoanlik op it gemeentehûs ôfleverje. Hjirmei koe der yn it nije kolleezje ynstallearre wurde. Neist Bert wurdt it kolleezje oanf***e mei nijbakken wethâlder Anneke Oosterwoud en wethâlder Marcel van Opzeeland en boargemaster Andries Bouwman.

FNP Opsterlân sjocht mei in soad nocht út nei de kommende riedsperioade en seit tank oan elkenien dy't ús stipe hat!

In Klear Lûd

Yn de provinsje binne sy wekker by de FNP. Der binne genôch ynfrastrukturele opjeften yn ús provinsje dy hja no oanpakke...
07/05/2026

Yn de provinsje binne sy wekker by de FNP. Der binne genôch ynfrastrukturele opjeften yn ús provinsje dy hja no oanpakke moatte.

Sparje foar in Lelyline dy't benammen fertuten docht foar de Rânestêd!, en ús lânskip en mienskip unomkearber feroaret is sêft sein ûnferstânnich.

🚅 𝗙𝗲𝗿𝗻𝘂𝘃𝗲𝗿𝗶𝗻𝗴 𝗼𝗲𝗿 𝘂𝘁𝘀𝗽𝗿𝗮𝗸𝗲𝗻 𝗟𝗲𝗹𝘆𝗹𝗶𝗻𝗲.

👉 Mei fernuvering hat de FNP hjoed kennis naam fan de berjochtjouwing oer de Lelyline. Yn ferskate artikels wurdt sprutsen oer in jierlike reservearring fan mar leafst 40 miljoen foar de spoarline.

✅ It bestjoersakkoart “Oparbeidzje foar Fryslân”, oannaam troch Provinsjale Steaten, stelt dat Fryslân de ûntwikkelingen fan it Ryk folgje sille yn it belang fan Fryslân en de effekten dêrfan yn kaart bringe sille. Oer finansjele bydragen, lykas in jierlikse reservearring is neffens de FNP-fraksje nea in útspraak dien. Dêrom leit der gjin demokratyske legitimiteit ûnder de neamde plannen. Om dy reden hat de FNP in protte fragen (sjoch reaksjes)

De útspraken waarden dien troch de Kommissaris fan de Kening yn Grinslân, René Paas.

Hjoed makket FNP Opsterlân bekend dat wy Bert Koonstra foardrage as wethâlder.In kandidaat mei ûnderfining, ferbining me...
20/04/2026

Hjoed makket FNP Opsterlân bekend dat wy Bert Koonstra foardrage as wethâlder.

In kandidaat mei ûnderfining, ferbining mei ús mienskippen en in dúdlike fyzje op de takomst fan Opsterlân. Mei ús programma as basis wolle wy trochbouwe oan in sterke, leefbere en selsstannige gemeente.

Wy hawwe der fertrouwen yn dat Bert him mei f***e ynset sterk meitsje sil foar ús ynwenners.

👉 Lês hjir it folsleine parseberjocht:
https://www.fnp.frl/opsterlan/2026/04/20/fnp-opsterlan-draacht-bert-koonstra-foar-as-wethalder/



De Opsterlânske ôfdieling fan de Fryske Nasjonale Partij draacht Bert Koonstra foar as wethâlderskandidaat foar […]

Adres

Hoofdstraat
Beetsterzwaag

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer FNP Opsterlân nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact De Organisatie

Stuur een bericht naar FNP Opsterlân:

Snelkoppelingen

Delen