02/04/2026
In moaie jún! ⛸️⛸️
Justerjún wie de ledenvergadering fan Doarpsbelang Damwâld yn de grutte seal fan de Krúswei. De oanwêzigen koene hearre wat it DB yn it âfrûne jier allegear dien hat, hoe't it d'r finansjeel foar stiet en wat de plannen foar it kommende jier binne.
In sprekker wie d'r fansels ek: Klasina Seinstra, de winnares fan de lêtste alvestedetocht naam us mei werom yn de tiid, nei 4 jannewaris 1997. Se fertelde oer har (sportieve) leven en wat se dr foar dwaan moatten hat om ta dat ultieme resultaat foar in marathonriider te kommen: it winnen fan in alvestedetocht. In winnares...iets wer't de organisaazje destiids hielendal net op klear wie....yn '97! Se wún de tocht trouwens net allinich, op it stuit wie se 4 wyken yn ferwachting fan har soan Thomas. Die kriege hjir letter ek nog in krúske foar as jongste riider ea 😀
Troch har ferhaal wie it krekt at we it allegear wer eefkes opnij beleefden.
It wie in prachtige jún, die't nog moai eefkes âfslúten waard yn de foyer fan De Kruisweg