15/11/2025
“Frysk bloed tsjoch op… mar wêrhinne?”
Frysk bloed tsjoch op, mar sjoch út dyn doppen,
Want yn Den Haag wurdt it skûtsje no drok beklommen.
Mei doedelzak en karbidknal, in clown op it dek,
Aant Jelle ropt: “Ik wol nei de Twadde Keamer, gek?”
Wol no ris brûze en siede, sa’t it folk dat net freget,
Want de Peilingwiizer hat ús al lang ôfsetten en ferlege.
De FNP ropt: “Wy dogge mei!” mar nimmen dy’t it heart,
It lânskip ferkocht, de ynwenners fergetten,
bestjoerlik fersmoarge en keard.
Wy binne gjin Pier, mar in túnkabouter mei ambysje,
Op syk nei in baantsje, net nei demokrasy of misje.
De doedelzak jankt tusken de flats, it skûtsje glydt fuort,
En Den Haag sjocht ferheard nei dit Fryske toanielstik sûnder nocht.
Fryslân boppe? Of ûnder wetter yn it moeras fan Waadhoeke?
Mei amateurs dy’t gjin rie witte, gjin plan, gjin boeke.
De managers fan Denemarken sjogge it oan en skodzje de holle,
“Is dit jim folk? Doge jim wol? Of is dit in dolle dolle?”
Wol no ris brûze en siede, sa’t it folk dat net freget,
Want de Peilingwiizer hat ús al lang ôfsetten en ferlege.
De FNP ropt: “Wy dogge mei!” — Mar doge jimme wol? Mar doge jimme wol?