Taalplan Frysk 2030

Taalplan Frysk 2030 Taalplan Frysk 2030

Nij skoaljier mei nije kearndoelen Fryske taal en kultuer  De skoallen binne wer los. Fan dit skoaljier ôf kinne skoalle...
19/08/2026

Nij skoaljier mei nije kearndoelen Fryske taal en kultuer

De skoallen binne wer los. Fan dit skoaljier ôf kinne skoallen yn it primêr ûnderwiis en ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis oan ‘e slach mei de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer. Dy binne sûnt 1 augustus 2026 fan krêft.

De nije kearndoelen jouwe skoallen in soad romte om út te gean fan de eigen situaasje, learlingen en kontekst. Dat makket it mooglik om in skoaleigen kurrikulum Fryske taal en kultuer te ûntwikkeljen.

Skoallen hawwe oant skoaljier 2030-2031 de tiid om de nije kearndoelen in plak te jaan. Skoallen kinne dêr stipe by krije fan Taalplan Frysk 2030. Foar 1 oktober krije alle skoallen in startpakket mei ûnder oare it kearndoeleboekje. Dit pakket helpt skoallen op wei om de nije kearndoelen yn te fieren. Neist it startpakket kinne skoallen ek op oare wizen stipe krije fan Taalplan Frysk 2030 út om de nije kearndoelen in plak te jaan.

Hawwe jimme fragen of help nedich? De skoalstiper bringt jimme graach yn kontakt mei in passende begelieder.

Bisto noch op fakânsje op ien fan de Fryske waadeilannen? Dan hast woansdei ien fan de bêste plakken om de grutste sinne...
11/08/2026

Bisto noch op fakânsje op ien fan de Fryske waadeilannen? Dan hast woansdei ien fan de bêste plakken om de grutste sinnefertsjustering fan ‘e iuw te sjen. Dy is op Skylge, Amelân en Flylân ekstra goed sichtber!

Kommende woansdei sil de sinne hast folslein fertsjustere wurde en dat komt mar komselden foar. Op de trije eilannen binne saneamde 'waarneemplekken' ynrjochte, dêr’t stjerrekundigen en teleskopen beskikber binne.

Op Skylge is dat by de biblioteek yn Midslân, op Amelân by strânpaviljoen Sjoerd en op Flylân by strânpaviljoen Badhuys. Wêr silsto hinne?

Yn de oplieding ta dosint Frysk bist sels ek op 'en paad om Fryslân en syn kultuer better kennen te learen. Sadatst dy kennis wer oerdrage kinst op de bern. Jorrit betocht dêr ek wat foar: “Ik ha bygelyks in fytstocht foar de bern útset troch harren eigen omkriten. Dêryn hie ik de skiednis en kânsen foar it lânskip kombinearre mei taal.”

Benijd nei syn ûnderfining mei it kombinearjen fan de stúdzjes ta dosint Frysk en dosint Ierdrykskunde? Of wolsto dyn ekspertize ek ferbreedzje? Lês Jorrit syn ferhaal fia joufrysk.frl

Tongbrekkers binne altyd leuk (en okee: ek in bytsje ferfelend). Wat tinkst fan it wurd ‘rearikke rierreljirre’, as de t...
05/08/2026

Tongbrekkers binne altyd leuk (en okee: ek in bytsje ferfelend). Wat tinkst fan it wurd ‘rearikke rierreljirre’, as de tongbrekker op de ôfbylding? Slagget it dy om se út te sprekken sûnder dyn tong te brekken?

It is simmer! En dat betsjut in protte sinne, waarm waar, oant let de ruten iepen en jûns op bêd harkje nei it gûnzjen f...
24/07/2026

It is simmer! En dat betsjut in protte sinne, waarm waar, oant let de ruten iepen en jûns op bêd harkje nei it gûnzjen fan… ja, hoe hjitte dy bisten eins?

Seisto moarns tsjin dyn Nederlânske freon of freondinne: “Er zaten vannacht vier neven op mijn kamer”, dan kin it samar wêze dat se dy frjemd oan sjocht, want dat is in saneamd Frisisme.

Goed Nederlânsk is: ‘Er zaten vannacht vier muggen op mijn kamer’, wylst wy yn it Frysk sizze: ‘Der sieten fannacht fjouwer neven op myn keamer.’

Wy binne as skoalle tige bliid mei de subsydzje Frysk foar no en letter.De Fryske boeken yn de ûnderbougroepen koene wol...
23/07/2026

Wy binne as skoalle tige bliid mei de subsydzje Frysk foar no en letter.

De Fryske boeken yn de ûnderbougroepen koene wol in update brûke en mei tank oan dizze subsydzje, hawwe wy prachtige boeken útsocht.

Op nei in nij skoaljier fol Frysk lêswille!

Juf Ankie, groep 1 & 2

Staetlânsskoalle Tzum

Subsydzje foar oanskaf Frysktalich les- en lêsmateriaal

De subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2026 is noch oant en mei 30 septimber 2026 iepen! Hjirmei kinne berne-opfanglokaasjes, skoallen en skoalbestjoeren yn Fryslân subsydzje oanfreegje foar it fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer. Yn totaal is der 1 miljoen euro beskikber, bygelyks foar de oanskaf fan Frysktalich materiaal. Goed les- en lêsmateriaal is in wichtige basis foar goed ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Yn 2026 kinne de kosten foar al oanskaft Frysktalich les- en lêsmateriaal folslein fergoede wurde oant in maksimum fan € 2.000 de oanfraach. Sjoch foar mear ynformaasje en it dwaan fan in oanfraach op: www.fryslan.frl/fy/fryskfoarnoenletter.

Hikke en tein yn De Rottefalle is Frysk syn memmetaal. Dochs hie Jesper net ferwachte ea les te jaan yn dy taal. Dat er ...
06/07/2026

Hikke en tein yn De Rottefalle is Frysk syn memmetaal. Dochs hie Jesper net ferwachte ea les te jaan yn dy taal. Dat er learaar wurde woe, stie al wol fêst. De pabo luts him wol.

Hy moast in minor kieze. De minor Frysk wie net syn earste kar. En ek net syn twadde. Mar doe’t bliken die dat dy beide minors al gau fol wiene en de minor Frysk noch iepen stie, wie er der wol daliks út. “Ik fyn it belangryk dat der ek op basisskoallen goed Frysk ûnderwiis is.”

Wat it ferskil is tusken it fak Frysk dat alle pabo-studinten krije en de minor Frysk? Dat én wat Jesper fan de minor fûn, lêst allegear op de webside: joufrysk.frl.

Benijd wat der mooglik is foar dy? Oftst no op de hafû of twû sitst, de pabo folgest of al jierren les joust: jou Frysk omdatst joust om it Frysk.

𝐒𝐭𝐫â𝐧𝐥𝐞𝐤𝐤𝐞𝐧 𝐟𝐨𝐚𝐫 𝐞𝐤𝐬𝐚𝐦𝐞𝐧𝐥𝐞𝐚𝐫𝐥𝐢𝐧𝐠𝐞𝐧Eksamenkandidaten Fryske taal en kultuer krigen dit jier by de diploma-útrikkingen wat...
01/07/2026

𝐒𝐭𝐫â𝐧𝐥𝐞𝐤𝐤𝐞𝐧 𝐟𝐨𝐚𝐫 𝐞𝐤𝐬𝐚𝐦𝐞𝐧𝐥𝐞𝐚𝐫𝐥𝐢𝐧𝐠𝐞𝐧
Eksamenkandidaten Fryske taal en kultuer krigen dit jier by de diploma-útrikkingen wat bysûnders. De Provinsje Fryslân joech in strânlekken kado! En net samar ien: op it lekken stiet in byld fan in strânljip (scholekster). Ideaal om yn ’e fakânsjesfear te kommen… De ôfbylding komt út it boekje Dat is moai Frysk, útjûn troch de Afûk mei help fan dosinten Frysk. By it boekje heart lesmateriaal foar boppeboulearlingen. De eksamenlearlingen krigen neist it lekken in brief fan de Provinsje en in oprop om in foto te meitsjen as de strânljip nei it hurde wurkjen earne delstrykt foar fakânsje… Wy winskje alle eksamenlearlingen in moaie simmer ta. En kom mar troch mei dy foto’s!

Subsydzje Frysk foar no en letter kin noch oanfrege wurdeDe subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2026 is alwer in s...
22/06/2026

Subsydzje Frysk foar no en letter kin noch oanfrege wurde

De subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2026 is alwer in skoftke iepen. Fan 16 april oant en mei 30 septimber 2026 kinne skoallen en opfangorganisaasjes yn Fryslân subsydzje oanfreegje foar it fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer. Subsydzje kin oanfrege wurde troch berne-opfanglokaasjes, it primêr en fuortset ûnderwiis, it mbû, hbû, wû en it spesjaal ûnderwiis. Aktiviteit 5 (It ûntwikkeljen en útfieren fan in plan foar Fryske taal en kultuer) is ek oan te freegjen troch skoalbestjoeren. De kategory kin yn dizze perioade ien kear in oanfraach yntsjinne wurde.

Wiidweidige ynfo is te finen op de webside fan Taalplan Frysk 2030

Keimpe de Krokodil bringt Frysk ta libben yn de beukerklasseHoe makkest it Frysk sichtber én oantreklik foar jonge bern ...
15/06/2026

Keimpe de Krokodil bringt Frysk ta libben yn de beukerklasse
Hoe makkest it Frysk sichtber én oantreklik foar jonge bern dy’t thús amper Frysk hearre? Mei dy fraach giene SFBO Kennissintrum meartaligens jonge bern en Cedin Drachten oan de slach mei de Foarlêstas, in pilot fan de Afûk. It resultaat: in boartlike Frysktalige foarlêsrûtine wêrby’t in hânpop, boeken en entûsjaste frijwilligers mei-inoar soargje foar mear taalwille yn de beukerklasse.

Sintraal yn it projekt stiet Keimpe de Krokodil, in fleurige hânpop dy’t by bern út groep 1 en 2 útfanhúzje sil. Yn syn Foarlêstas sitte ûnder oaren in Frysk sykboek, in foarlêsboek en in saneamd Boekedeiboek dêr’t âlden en bern yn opskriuwe kinne wat Keimpe thús belibbe hat. It projekt rûn fan jannewaris oant juny 2025 op basisskoallen yn ûnder oare Ljouwert, Drachten, Snits en Harns.

Bysûnder oan dizze pilot wie de ynset fan frijwillige memmetaalsprekkers, minsken dy’t it Frysk as memmetaal prate en skoallen stypje mei in struktureel Frysktalich oanbod. Benammen yn stedsgebieten, dêr’t Frysk minder fanselssprekkend is, blike sy in belangrike skeakel tusken skoalle, âlden en bern.

Sjoerdtje wurket yntusken fjouwer jier as frijwillige memmetaalsprekker op in basisskoalle yn Goutum, dêr’t sy wykliks yn 3 beukergroepen komt. Op in ynspiraasjemiddei foar memmetaalsprekkers kaam hja foar it earst yn ‘e kunde mei de Foarlêstas. “Ik naam de tas mei nei Goutum en de earste beukerjuf sei fuort: ‘Dêr kinne wy wol wat mei!’ Mar de twadde ûnderboulearkrêft woe de tas ek wol yn de klasse ha. En de tredde ek!”

Dat wie in lyts probleem, om’t skoallen mar ien (fergeze) tas ûntfange koene. Lykwols, de direktrise besleat om fuort twa ekstra eksimplaren oan te skaffen. “Dat lit sjen hoe entûsjast de skoalle wie”, fertelt Sjoerdtje. “Us direktrise, Francien, hat echt in positive rol. Se soarget goed foar har frijwilligers.”

Taalplezier as motor
De Foarlêstas draait net allinnich om it foarlêzen, mar benammen om positive taalûnderfinings. Bern mochten Keimpe mei nei hûs nimme, makken foto’s fan harren aventoeren en fertelden dêr letter yn ‘e rûnte oer. Neffens de evaluaasje ûntstiene hjirtroch spontane petearen yn it Frysk én mear belutsenens fan âlden.

Sjoerdtje hâlde de oanpak ienfâldich.”Ik wol de drompel altyd leech hâlde,” seit se. “Yn it begjin hold ik allinnich it Keimpeboek en de hânpop yn ‘e tas.” Sels breide se wol trije lytse slieppûdsjes foar de pop, sadat Keimpe oeral noflik sliepe koe.

Memmetaalsprekker wurde?
Fine jo it aardich om mei bern te wurkjen en wolle jo in ympuls jaan oan it Frysk yn it ûnderwiis? Nim dan kontakt op mei Marike Elsinga fan SFBO: [email protected].

klik hjif foar it hiele artikel: https://taalplan.frl/keimpe-de-krokodil-bringt-frysk-ta-libben-yn-de-beukerklasse/

De Brêge út Skarsterbrêge wint SjONG junior 2026Nei in spannende finale is De Brêge út Skarsterbrêge (Stichting Ambion) ...
14/06/2026

De Brêge út Skarsterbrêge wint SjONG junior 2026

Nei in spannende finale is De Brêge út Skarsterbrêge (Stichting Ambion) de winner fan SjONG junior 2026 wurden. De skoalle giet der mei de earste priis fan troch. Se wûnen mei it ferske ‘De Brêge’, in oade oan harren eigen doarp.

De sjuery wie hiel entûsjast oer it optreden fan de skoalle. “Wy hearden goede solo’s en der waard troch it koar ek hiel suver songen mei passende bewegingen.” De finale waard freedtejûn holden yn Schouwburg De Lawei yn Drachten. Acht skoallen út hiel Fryslân hawwe optreden foar de profesjonele sjuery dy’t bestie út: Paul Horjus, Janneke Brakels en Mayte Veenstra. De presintaasje fan de finale wie yn hannen fan Raynaud Ritsma. De winnende skoalle gie, neist de earste priis, nei hûs mei de ‘Karin de Jong Wikseltrofee’. Se meie ek noch in videoclip by harren nûmer opnimme.

Twadde, tredde prijs en promopriis

Twadde waard Sint Radbodus út Dronryp mei ‘Himelplein’, in nûmer oer Eise Eisinga. Ek hjiroer wie de sjuery bot te sprekken: “Hast alles kloppe, dizze groep die it fantastysk en kaam mei in moaie goreografy.” De Ds. Hasperskoalle út Akkrum gie mei de tredde priis nei hûs mei ‘Ferdivedaasje’, in nûmer oer de Akkrumse tradysje Slingeraap. “Dizze groep hie in fantastyske enerzjy en foarme in prachtich gehiel”, wiene de wurden fan de sjuery.

Ek dit jier wier der wer in promopriis te winnen. De skoallen moasten hjirfoar harren eigen ferske sa goed mogelik promoatsje. In soad skoallen hawwe hjir bot har bêst op dien, mar it wie úteinlik de Máxima skoalle út Ljouwert dy’t der mei mear as 25.000 views en streams mei de Promopriis fan troch gie.
SjONG junior
SjONG junior is in projekt dat troch it hiele skoaljier in rol spilet: audysje dwaan, it skriuwen fan in eigen sjongtekst, opnames foar Omrop Fryslân Tsjil, it opnimmen fan it liet yn de studio, it meitsjen fan dekôr, klean en promoasje en fansels in soad oefenje! Skoallen dy’t net dielnimme, kinne wol gebrûk meitsje fan it lesmateriaal by de ferskes, dat te finen is op: https://www.sjong.frl/sjong-junior/lesmateriaal/

Foto: Deborah Veendorp

Adres

Harkema

Website

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Taalplan Frysk 2030 nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Snelkoppelingen

Delen