Ferdivedaasje Jobbegea

Ferdivedaasje Jobbegea Om de 3 jaar wordt er een gezamenlijk openluchtspel georganiseerd door de 4 plaatselijke toneelverenigingen.

Om de 3 jaar wordt er een gezamenlijk openluchtspel georganiseerd door de 3 plaatselijke toneelverenigingen.

Ook iepenloft jobbegea doet mee. Haal de B' tjes.Alle Beetjes helpen. DOEN!
09/04/2026

Ook iepenloft jobbegea doet mee. Haal de B' tjes.
Alle Beetjes helpen. DOEN!

25 jier Iepenloft JobbegeaNei 25 jier iepenloft yn Jobbegea is it tiid om efkes stil te stean. In kwart ieu lang haw ik ...
25/03/2026

25 jier Iepenloft Jobbegea
Nei 25 jier iepenloft yn Jobbegea is it tiid om efkes stil te stean. In kwart ieu lang haw ik mei de aldermoaiste minsken gearwurkje mogen as foarsitter fan St. Ferdivedaasje Jobbegea. Sân prachtige iepenloftspullen, mei as grutte klapper Hindriks Gryt ús meast besochte en ien fan de moaiste útfieringen ea. Wat in hichtepunt om mei ôf te sluten.
Justerjûn hat it bestjoer my ferrast mei in waarm en gesellich ôfskiedsiten. En wat bart der dan? Lykas fanâlds sieten wy binnen de koartste kearen wer fol ideeën, plannen en entûsjasme foar it folgjende iepenloftspul. It sit ús yn it bloed. Dat makket ús sa bysûnder.
Elke útfiering yn dy 25 jier wie wer oars fan Folk sûnder oeren oant alle oare ferhalen dy’t wy mei-inoar ta libben brochten. Fan de ekspânsjehal, nei ús fjild by Henk, oant midden yn it doarp: oeral stie elkenien klear foar inoar en foar it gehiel. As ien grutte famylje.
Ik haw prachtige tiden meimakke. Wy hawwe leaf en leed dield, mei-inoar lake, wurke, striden en boud. En ik tink mei waarmte en respekt werom oan de minsken dy’t net mear by ús binne, mar dy’t foar altyd diel útmeitsje fan ús iepenloftskiednis.
Hoewol’t ik no nei 25 jier it foarsitterskip oerjaan mei, sil ik my altyd ferbûn fiele mei ús iepenloft. En hoe moai is it dat ik no, tegearre mei Yolanda, plaknimme kin op de tribune. It folgjende iepenloft wurdt foar ús de earste kear as taskôgers en dêr sjoch ik mei in soad nocht nei út.
Mei in hert fol tankberens foar it fertrouwen dat ik krigen haw, sjoch ik werom op in tiid dy’t ik nea ferjitte sil. En ik sjoch út nei alles wat noch komt, fanút in oar plak, mar mei deselde leafde foar ús prachtige iepenloft.
Age

25 jaar Iepenloft Jobbegea
Na 25 jaar iepenloft in Jobbegea is het moment gekomen om even stil te staan. Een kwart eeuw lang heb ik met de meest geweldige mensen mogen samenwerken als voorzitter van St. Ferdivedaasje Jobbegea. Zeven prachtige iepenloftspullen, met als grote klapper Hindriks Gryt onze best bezochte en één van de mooiste uitvoeringen ooit. Een bijzonder hoogtepunt om mee af te sluiten.
Gisteravond heeft het bestuur mij verrast met een warm en gezellig afscheidsdiner. En wat gebeurt er dan? Net als vroeger zitten we binnen de kortste keren alweer vol plannen, ideeën en enthousiasme voor het volgende iepenloftspul. Het zit ons in het bloed. Dat maakt ons zo uniek.
Elke uitvoering in die 25 jaar was weer anders van Folk sunder oeren tot alle andere verhalen die we samen tot leven hebben gebracht. Van de Expansiehal, naar us fjild bij Henk, tot midden in het dorp: overal staat iedereen klaar voor elkaar en voor het geheel. Als één grote familie.
Ik heb prachtige tijden beleefd. We hebben lief en leed gedeeld, samen gelachen, gewerkt, gestreden en gebouwd. En ik denk met warmte en respect terug aan de mensen die niet meer bij ons zijn, maar die voor altijd deel uitmaken van onze iepenloftgeschiedenis.
Hoewel ik na 25 jaar het voorzitterschap overdraag, zal ik me altijd verbonden voelen met ons iepenloft. En hoe mooi is het dat ik nu, samen met Yolanda, plaats kan nemen op de tribune. De volgende iepenloft wordt voor ons de eerste keer als toeschouwers samen op de tribune en daar kijk ik met veel plezier naar uit.
Met een hart vol dankbaarheid voor het vertrouwen dat ik heb gekregen, kijk ik terug op een tijd die ik nooit zal vergeten. En ik kijk uit naar alles wat nog komt, vanaf een andere plek, maar met dezelfde liefde voor ons prachtige iepenloft.
Age

07/01/2026

Jubileumboek is klear!
Wy binne tige grutsk op it feit dat wy yn 2025 al 25 jier iepenloften sjen litten hawwe.
Ta eare fan dit jubileum is der in spesjaal jubileumboek: ‘25 jier teaterspektakels en iepenloften Jobbegea – Hoarnstersweach’.
Hjirby alfêst in ympresje fan it boek.

Do kist in eksimplaar fan dit jubileumboek reservearje troch in e-mail te stjoeren nei [email protected] ûnder fermelding fan dien namme en emailadres foar 1 februaris 2026. It boek sil tusken de € 25 en € 30 kostje en sil febrewars 2026 beskikber komme.

In jûn fol spanning en grutskens by de Gouden GurbesJusterjûn wie it safier: de útrikking fan de Gouden Gurbes. In jûn d...
11/10/2025

In jûn fol spanning en grutskens by de Gouden Gurbes
Justerjûn wie it safier: de útrikking fan de Gouden Gurbes. In jûn dêr’t wy as bestjoer fan de Stifting Ferdivedaasje Jobbegea mei kloppend hert nei útsjoen hiene. Wat is it in prachtige, spannende en waarme jûn wurden!
Want wat in eare: wy gienen mei twa nominaasjes nei hûs!
Wytske waard nominearre foar de bêste haadrol – in geweldige prestaasje en in erkenning foar har hertstocht en fakmanskip op it poadium.
En ús eigen produksje ‘Hindriks Gryt’ krige in nominaasje foar it bêste mienskipsprojekt. In grutte eare, want krekt dat mienskipsgefoel leit ús sa ticht by it hert.
Dêrneist waarden Tine en Trienke ek noch neamd as de ûnferjitlike Lollo Mamma’s, wat foar in protte minsken yn it publyk in hichtepunt wie.
It juryrapport wie tige posityf – fol lof oer de gearwurking, de sfear, en de krêft fan it mienskipsprojekt. Wy binne dêr tige bliid mei en fiele ús djip grutsk op wat wy mei-inoar delset hawwe.
Foar alle spilers, frijwilligers en meiwurkers is dit in momint om mei te genietsjen. Sûnder jimme entûsjasme en ynset hie dit nea sa’n súkses wurde kinnen.
In grut komplimint oan elkenien dy’t op ien of oare wize bydroegen hat oan Hindriks Gryt en ús prachtige ferdivedaasje.

Wij zijn er bij in Sneek, mocht je niet kunnen het is ook live te zien op omrop Fryslân. Gouden Gurbes live te sjen by O...
09/10/2025

Wij zijn er bij in Sneek, mocht je niet kunnen het is ook live te zien op omrop Fryslân.
Gouden Gurbes live te sjen by Omrop Fryslân
Op freed 10 oktober om 19.30 oere wurdt it iepenloftseizoen feestlik ôfsletten mei de
Gouden Gurbes. Live meisjen of wy in priis binnenslepe? De priisútrikking is fan 19.30
oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslan, online fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app en
live op telefyzje.
Gouden Gurbes live te zien bij Omrop Fryslân
Op vrijdag 10 oktober om 19.30 uur wordt het iepenloftspullenseizoen feestelijk
afgesloten met de Gouden Gurbes. Live meekijken of wij een prijs binnenslepen? De
prijsuitreiking is vanaf 19.30 uur live te volgen bij Omrop Fryslân, online via
Omropfryslan.nl en de Omrop-app en live op de televisie.

Ta oantinken oan Matsje"❤️
02/09/2025

Ta oantinken oan Matsje"❤️

18/08/2025
Napraten en gezellig onder elkaar.
14/06/2025

Napraten en gezellig onder elkaar.

09/06/2025

Om nog even na te genieten.
Video: Mirjam Ros Keunstwurk

Adres

De Line
Jubbega
8411TV

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Ferdivedaasje Jobbegea nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact De Organisatie

Stuur een bericht naar Ferdivedaasje Jobbegea:

Delen