08/07/2026
Efkes in update oer de jubileumedysje fan it Nachtkeatsen yn septimber. Wy hearden links en rjochts wat ondúdlikhiid oer ús foarige parseberjocht. De skrieuwer fan dizze pagina is wat lui wurden yn it meitsjen fan posters troch de komst fan AI (fyne wy ek moai). Dêrom wienen op de foarige poster wat details núver fermeld. Ik haw no fansels AI gewoan wer freeche om dit rjocht te lûken en sjuch ris oan. In hagelnij posterke. Makkelik die technology 🤓.
Goed, pear ferdúdelikingen. De opjefte giet dit jier NET fia de webside fan ús kameraden fan K.F. de Trije Doarpen, mar fia it 06-nûmer fan Ate Piet, fermeld op de poster. Gelukkich hawwe de earsten wol al dit kanaal fûn en stiet d'r al mar leafst 1 (!) partoer op de list. De kop is d'r ôf woe 'k mar sizze. Ek is it sawol frije formaasje as los opjaan. Asto no dus gjin maten fyne kinst mar wol graach meidwaan wolst, dan is dat fansels hielendal PRIMA. Jou dy gewoan op, dan lotsje wy gewoan twa oare Koos Maatloos keatsers by dy! Komt hielendal klear. Ek dêrby hâlde wy trouwens it minimum fan ien dame per partoer oan. Mei oare wurden, alles is mogelik, wy rêde d'r mei. Opjaan dus mar, allééé! 📢
Jou by it opjaan ek efkes oan yn welke klasse ast keatse wolst. Wy keatse yn in A en in B klasse. Ôfhinkelik fan de opjefte (en it nivo jirfan) kin it wêze dat wy d'r noch in C-klasse oan tafûge. Mar dan litte wy dat t.z.t. efkes witte.
No sa, wy leauwe dat no alles aardich dúdlik oanjûn is. Mocht dat net it gefal wêze en mochtest dochs noch te stinnen sitte mei in fraach, app Oate Piet efkes of sprek ien oar fan de organisaasje (Pieter Kapokje, Gay J, FeestDJ Jeff, Riel Kak, André 3000, Sybren, Harald as Gert Jan) oan, koartste klap. Ennuh, jou it troch by dyn onsportieve maten hi, de tent stiet op en it bier en de schnapps stean iiskâld 🥶 foar alle taskôchers en de tredde helte! 🍻🥳