FNP Waadhoeke

FNP Waadhoeke Ynvestearje yn de leefomjouwing, romte jaan oan minsken. Soargje dat se harren thús fiele.

It Raadhuisplein yn Frjentsjer is ynienen in stik nofliker en geselliger wurden! FNP Waadhoeke is wiis mei de tydlike gr...
20/07/2026

It Raadhuisplein yn Frjentsjer is ynienen in stik nofliker en geselliger wurden! FNP Waadhoeke is wiis mei de tydlike griene gasten op it plein. 🌳🌳

Want wa’t no op it Raadhuisplein delstryk op in waarme dei merkt it fuortynienen. Mei in hearlike iisko fan Schaafsma of Puur yn ’e hân, in bytsje skaad boppe de holle en it grien om dy hinne, fielt it plein gelyk freonliker, koeler en libbener.

En dat is mear as sfear allinnich. Beammen dogge wat in parasol of sinnedoek net kin. Beammen meitsje de stêd skjinner en koeler, en de minsken sûner en lokkiger. Wat de FNP oanbelanget, meie beammen dan ek grif bliuwe foar in permanint plak.

Tagelyk is it in proef. Wat fine jo fan de beammen op it Raadhuisplein? Lit it ús witte yn’e reaksjes.

🇳🇱

Het Raadhuisplein in Franeker is ineens een stuk prettiger en gezelliger geworden! FNP Waadhoeke is blij met de tijdelijke groene gasten op het plein. 🌳🌳

Want wie nu op het Raadhuisplein neerstrijk merkt het meteen. Met een heerlijk ijsje van Schaafsma of Puur in de hand, een beetje schaduw boven het hoofd en het groen om je heen, voelt het plein meteen vriendelijker, koeler en levendiger.

En dat is meer dan sfeer alleen. Bomen doen wat een parasol of zonnedoek niet kan. Bomen maken de stad schoner en koeler, en de mensen gezonder en gelukkiger. Wat de FNP betreft, mogen bomen dan ook zeker blijven voor een permanente plek.

Tegelijkertijd is het een proef. Wat vindt u van de bomen op het Raadhuisplein? Laat het ons weten in de reacties.

Begjint de keatskoarts al te kommen? Hy komt tichtby: dé Fyfde Woansdei fan july. Foar ien dei feroaret in op it earste ...
18/07/2026

Begjint de keatskoarts al te kommen? Hy komt tichtby: dé Fyfde Woansdei fan july.

Foar ien dei feroaret in op it earste each beskieden gersfjild yn Frjentsjer yn de timpel fan de keatssport. In wier hichtepunt fan it jier foar in protte minsken. Sa ek foar Antine Houtsma. Mar troch har lichaamlike beheining is in dei op it Sjûkelân noch altyd net fanselssprekkend.

Derom gienen wy mei har en PC-sekretaris Siemen Volberda yn petear. Oer tagonklike húskes, sicht op it fjild en wat de organisaasje hjir no al oan docht. It petear wy iepen en earlik. Dat jout fertrouwen, want de PC is fan elkenien en moat ek foar elkenien tagonklik wêze.

Mear út dit petear lêze jo hjir: https://www.fnp.frl/waadhoeke/2026/07/17/de-pc-is-foar-elkenien-mar-net-foar-elkenien-like-tagonklik/

🇳🇱

Begint de kaatskoorts al te komen? Hij komt dichtbij: dé Vijfde Woensdag van juli.

Voor één dag verandert een op het eerste oog bescheiden grasveld in Franeker in de tempel van de kaatssport. Een waar hoogtepunt van het jaar voor veel mensen. Zo ook voor Antine Houtsma. Maar door haar lichamelijke beperking is een dag op het Sjûkelân nog altijd niet vanzelfsprekend.

Daarom gingen we met haar en PC-secretaris Siemen Volberda in gesprek. Over toegankelijke toiletten, zicht op het veld en wat de organisatie hier nu al aan doet. Het gesprek is open en eerlijk. Dat geeft vertrouwen, want de PC is van iedereen en moet ook voor iedereen toegankelijk zijn.

Meer uit dit gesprek leest u hier: https://www.fnp.frl/waadhoeke/nl/2026/07/17/de-pc-is-voor-iedereen-maar-niet-voor-iedereen-even-toegankelijk/

100 jier frouljuskeatsen is f***e mear as in sportyf jubileum. De tentoanstelling LYKSPUL yn it Keatsmuseum lit sjen hoe...
10/07/2026

100 jier frouljuskeatsen is f***e mear as in sportyf jubileum. De tentoanstelling LYKSPUL yn it Keatsmuseum lit sjen hoe’t froulju jierrenlang striden hawwe foar erkenning, op it keatsfjild én dêrbûten. In ferhaal dat ek hjoed noch altyd aktueel is.

In krêftige mienskip ûntstiet as elkenien de romte krijt om mei te dwaan en harren stim hearre litte kin. FNP-lid Bram Bonnema is foarsitter fan it bestjoer fan it Keatsmuseum belutsen by dizze bysûndere tentoanstelling. Sa litte ús leden sjen wêr’t de FNP stiet: midden yn ’e mienskip, belutsen by wat der libbet en mei each foar de ferhalen dy’t Fryslân foarme hawwe.

De tentoanstelling is noch te besykjen oant en mei 31 oktober yn it Keatsmuseum yn Frjentsjer.

🇳🇱
100 jaar dameskaatsen is veel meer dan een sportief jubileum. De tentoonstelling LYKSPUL in het Kaatsmuseum laat zien hoe vrouwen jarenlang hebben gestreden voor erkenning, op het kaatsveld en daarbuiten. Een verhaal dat ook vandaag nog steeds actueel is.

Een krachtige gemeenschap ontstaat als iedereen de ruimte krijgt om mee te doen en hun stem kan laten horen. FNP-lid Bram Bonnema is voorzitter van het bestuur van het Kaatsmuseum betrokken bij deze bijzondere tentoonstelling. Zo laten onze leden zien waar de FNP staat: midden in de gemeenschap, betrokken bij wat er leeft en met oog voor de verhalen die Friesland hebben gevormd.

De tentoonstelling is nog te bezoeken tot en met 31 oktober in het Kaatsmuseum in Franeker.

Tidens de Doarpentoer fan foarige wike krigen de riedsleden yn Spannum in opdracht mei nei hûs: gean mei-inoar oan ’e sl...
02/07/2026

Tidens de Doarpentoer fan foarige wike krigen de riedsleden yn Spannum in opdracht mei nei hûs: gean mei-inoar oan ’e slach mei deselde yngrediïnten, mar mei trije ferskillende resepten. En diel it bakresultaat yn de earstfolgjende riedsgearkomste.

Sa sein, sa dien. Us riedslid Jetske pakte, tegearre mei Mart en Roelof, de ovenwant op en brocht de opdracht jûn yn de riedseal ta in smaakfol ein. De doarpskoördinatoaren fan Waadhoeke wienen der ek by om it resultaat te priuwen.

Sa’t Jetske it seit: “Miskien wol de perfekte metafoar foar hoe’t wy hjir as ferskillende fraksjes ek tegearre ien goed gehiel foar ús gemeente foarmje.”

Tank oan Mei-inoar Spannum foar de kreative opdracht, it waarme ûntfangst en it oantinken dat gearwurking soms hiel gewoan begjint mei in koer fol yngrediïnten.

🇳🇱
Tijdens de Dorpentour van vorige week kregen de raadsleden in Spannum een opdracht mee naar huis: ga met elkaar aan de slag met dezelfde ingrediënten, maar met drie verschillende recepten. En deel het bakresultaat in de eerstvolgende raadsvergadering.

Zo gezegd, zo gedaan. Ons raadslid Jetske pakte, samen met Mart en Roelof, de ovenwant op en bracht de opdracht in de raadszaal tot een smaakvolle einde. De dorpscoördinatoren van Waadhoeke waren er ook bij om het resultaat te proeven.

Zoals Jetske het zegt: “Misschien well de perfecte metafoor voor hoe wij hier als verschillende fracties ook samen een goed geheel voor onze gemeente vormen.”

Dank aan Mei-inoar Spannum voor de creatieve opdracht, het warme ontvangst en de herinnering dat samenwerking soms heel gewoon begint met een mand vol ingrediënten.

Freed wie ús riedslid Jetske Tolsma oanwêzich by de presintaasjes fan de learlingen fan de Einstein Class fan AMS Franek...
01/07/2026

Freed wie ús riedslid Jetske Tolsma oanwêzich by de presintaasjes fan de learlingen fan de Einstein Class fan AMS Franeker. Wat in moaie resultaten kamen hjir foarby!

Yn gearwurking mei Tienskip hawwe de learlingen trije dagen neitocht en wurke oan de presintaasjes. Yn groepkes binne se oan de slach gien: fan tûke ideeën foar in bettere libbensomjouwing en omtinken foar de oar oant kreative oplossingen foar útdagings yn Frjentsjer; de plannen leine letterlik op tafel. It is ynspirearjend om te sjen hoe't dizze learlingen kritysk en kreatyf mei in frisse blik nei harren eigen omjouwing sjogge.

As FNP Waadhoeke sjogge wy mei nocht werom op dizze presintaasjes. We hoopje dan ek dat der in ferfolch komt om ien fan dizze moaie plannen ek echt útfiere te kinnen. Tank oan alle learlingen foar jimme ynset en it dielen mei ús. Ek tank oan Tienskip en skoalle foar de goede begelieding. Jimme hawwe it mei-inoar geweldich dien!

FNP Waadhoeke is bliid mei it nije fytspaad tusken Hatsum en Winsum!Fan 'e middei wie it safier: de feestlike iepening f...
01/07/2026

FNP Waadhoeke is bliid mei it nije fytspaad tusken Hatsum en Winsum!

Fan 'e middei wie it safier: de feestlike iepening fan it nije fytspaad tusken Hatsum en Winsum. Ut namme fan de FNP Waadhoeke wie ús riedslid Jetske Tolsma oanwêzich yn Baaium om dit heuchlike momint mei te fieren.

Ut Baaium kaam ek it inisjatyf foar dit fytspaad. Der is in soad wurk ferset en wy hawwe in protte respekt en wurdearring foar alle minsken dy't de skouders derûnder set hawwe om dit te realisearjen. Wer in lyts doarp grut yn wêze kin!

In de Eartpot allegearre kleurplaten fan learlingen fan de basisskoallen It Bynt Winsum en De Grûnslach Welsrijp/Baaium. In kleurryk gehiel fan in moaie middei!🎨

De sprekkers wiene bliid mei de gearwurking oeral. Dit fytspaad ferbynt ek organisaasjes en minsken ûnderling waard der sein. Hoe moai!

It is in feilige en duorsume ferbining wurden; fytsers binne no feilich skieden fan it oare ferkear. In enoarme ferbettering foar de feilichheid yn de doarpen en regio.

Wethâlder Marijn Kamerling iepene it fytspaad offisjeel troch tegearre mei twa jonge bern it lint troch te knippen. Boer Klaas stie moai yn it middelpunt derefter.

In soad fytsplezier elkenien! 🚲

𝗪𝗮𝘁 𝗶𝘀 𝗱𝗲𝗿 𝗻𝗼 𝗺𝗼𝗮𝗶𝗲𝗿 𝗮𝘀 𝗺𝗲𝗶 𝗲𝗶𝗴𝗲𝗻 𝗲𝗮𝗴𝗲𝗻 𝘁𝗲 𝘀𝗷𝗲𝗻 𝘄𝗮𝘁 𝗱𝗲𝗿 𝘆𝗻 𝘂́𝘀 𝗱𝗼𝗮𝗿𝗽𝗲𝗻 𝗲𝗻 𝘄𝗶𝗸𝗲𝗻 𝗮𝗹𝗹𝗲𝗴𝗲𝗮𝗿𝗿𝗲 𝘂̂𝗻𝘁𝘀𝘁𝗶𝗲𝘁?By de Doarpentoer t...
30/06/2026

𝗪𝗮𝘁 𝗶𝘀 𝗱𝗲𝗿 𝗻𝗼 𝗺𝗼𝗮𝗶𝗲𝗿 𝗮𝘀 𝗺𝗲𝗶 𝗲𝗶𝗴𝗲𝗻 𝗲𝗮𝗴𝗲𝗻 𝘁𝗲 𝘀𝗷𝗲𝗻 𝘄𝗮𝘁 𝗱𝗲𝗿 𝘆𝗻 𝘂́𝘀 𝗱𝗼𝗮𝗿𝗽𝗲𝗻 𝗲𝗻 𝘄𝗶𝗸𝗲𝗻 𝗮𝗹𝗹𝗲𝗴𝗲𝗮𝗿𝗿𝗲 𝘂̂𝗻𝘁𝘀𝘁𝗶𝗲𝘁?

By de Doarpentoer troch Waadhoeke seagen wy mei eigen eagen wat der ûntstiet as ynwenners de romte krije om harren ideeën wier te meitsjen. Fan Marsum oant Bitgum, yn elk doarp is in ferhaal fan minsken dy’t de hannen út de mouwen stekke foar harren mienskip. Hjir in pear foarbylden:

- Yn Marsum in pracht fan in doarpshûs, wat binne se der wiis mei. It is mei mooglik makke troch subsydzje en in goede gearwurking mei gemeente Waadhoeke. Takomstbestindich, duorsum en foar elkenien tagonklik.

- Yn Blessum hawwe se mei f***e entûsjasme en praktysk tinken de midsiuwske tsjerke renovearre en ferboud ta húskeamer fan it doarp. Dit is fansels geweldich foar de 80 ynwenners fan Blessum. Mei in nije mobile keuken kinne se mei-inoar ite, wat in ferbining kin dit alles jaan in ús doarpen.

- Yn Spannum witte se fan oanpakken, mar ek fan ferbinen. In hertlike ûntfangst fan stichting Mei-inoar Spannum en Us Gebou mei iisko's en fleskes wetter. Se praten ús by oer al it moais dat se mei-inoar yn Spannum realisearre hawwe mei help fan gemeente Waadhoeke. Troch gear te wurkjen kinne je in soad berikke. Yn de tsjerke fan Spannum krigen de riedsleden ek noch in opdracht mei. Hjiroer letter mear. Ek de nijbou fan 13 nije wenten lit sjen wêr’t in lyts doarp grut yn wêze kin.

- By Skingen seagen wy hoe't de tunnel ûnder de A31 wurden is ta in opfallende doarpspoarte, foarsjoen fan in kleurrike skyline. Wy kamen lâns de picknicktafels Fiergesichten en it bioferskaatprojekt Strewelleguod. Wat in prachtige inisjativen fan de doarpen Skingen en Slappeterp. Sa meitsje je de omjouwing moaier én sterker!

- En yn Bitgum en Bitgummole koenen wy de realisaasje fan Landgoed Groot ter Horne sjen. In blik yn it ferline en in foarútsjoch nei wat wy yn ’e takomst nedich hawwe. Skiednis, natuer en mienskip komme dêr byinoar.

Dêrom steane wy as FNP folslein achter it Doarpen- en Wykefûns. Want as minsken fertrouwen en stipe krije, ûntsteane de moaiste inisjativen fan ûnderop. Dat is de krêft fan ús mienskip. 💙

Tank oan elkenien dy't ús sa gastfrij ûntfongen hat en mei grut entûsjasme fertelde oer de prachtige inisjativen yn harren doarp of wyk.

Tidens in goed besochte ledegearkomste fan FNP Waadhoeke is in nij bestjoer keazen. Dêrmei nimme de bestjoersleden Annem...
19/06/2026

Tidens in goed besochte ledegearkomste fan FNP Waadhoeke is in nij bestjoer keazen. Dêrmei nimme de bestjoersleden Annemaaike Talsma-Plat, Anja Postma, Dieke van der Pol, Doeke de Jong en Jan Dijkstra it stokje oer fan Sietze de Haan, Bram Bonnema en Johannes Rozenga.

It nije bestjoer sil him de kommende jierren ynsette foar in sterke en aktive FNP-ôfdieling yn Waadhoeke. Yn de earstfolgjende ledegearkomste nimt de ôfdieling offisjeel ôfskied fan it fuortgeande bestjoer. Ek wurde dan de rolferdieling binnen it nije bestjoer en de plannen foar de kommende fjouwer jier presintearre.

FNP Waadhoeke betanket Sietze de Haan, Bram Bonnema en Johannes Rozenga foar harren ynset en belutsenens yn de ôfrûne jierren en winsket it nije bestjoer in soad sukses by de útfiering fan harren taken.

As de need heech is, moat de drompel leech wêze. 🚻 🧻 In iepenbier húske, of it ûntbrekken dêrfan liket miskyn net sa’n g...
04/06/2026

As de need heech is, moat de drompel leech wêze. 🚻

🧻 In iepenbier húske, of it ûntbrekken dêrfan liket miskyn net sa’n grut obstakel. Mar foar minsken mei term- of blaasproblemen, foar âlderen en foar minsken mei in fysike beheining bepaalt it faaks oft se wol of net meidwaan kinne. It betsjut oft je wol of net nei in evenemint, in keatspartij, of gewoan efkes winkelje kinne.

Dêrom hat FNP it inisjatyf nommen foar in moasje om Waadhoeke tagonkliker foar elkenien te meitsjen. Mei help fan ûnder oaren ús lid Annemaaike Talsma-Plat, dy't út eigen ûnderfining wit hoe wichtich tagonklike foarsjennings binne, is de moasje opsteld en yn de gemeenteried yntsjinne.

Nei in lytse oanpassing waard de moasje op 2 juny unanym oannommen. Dêr binne wy bliid om!

De gemeente giet no ûnder oare yn kaart bringen hoef***e húskes der binne, hoef***e dêrfan tagonklik binne foar minsken mei in beheining en hoe't it tal tagonklike húskes fierder útwreide wurde kin yn gearwurking mei ûndernimmers, ynstellings en Stichting HogeNood.

In lytse foarsjenning foar de ien, mar in wrâld fan ferskil foar de oar.

Adres

Sint Jacobiparochie

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer FNP Waadhoeke nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact De Organisatie

Stuur een bericht naar FNP Waadhoeke:

Snelkoppelingen

Delen